Brêge Ald Skou oer it PM-kanaal is in wike lang ticht

24 jun 2019 - 11:27

De brêge Ald Skou oer it Prinses Margrietkanaal tusken Jirnsum en Akkrum giet in wike lang ticht. Takom wike, moandei 1 july oant freed 5 july sil Rykswettersteat wurksumheden útfiere oan it asfalt, de foegen en it beton.

De brêge by Ald Skou - Foto: Onno Falkena, Omrop Fryslân

It ferkear moat in stik omride yn ferbân mei de reparaasjes. De omliedingsrûte giet fia de A32. Fytsers kinne fan moandei oant woansdei noch gewoan oer de brêge hinne, dêrnei moatte se omride. De omlieding giet fia in pontsje yn Terherne. Dat hat fanwege de wurksumheden de tsjinstregeling oanpast.

Skipfeartferkear

De skipfeart hat gjin lêst fan de wurksumheden oan de brêge. Dy kin gewoan trochfarre. De earste dagen sil it brêgedek oanpakt wurde, fan woansdei oant freed wurdt de kelder fan de brêge opkalfatere. De brêge stiet wylst it wurk dien wurdt iepen sadat der feilich wurke wurde kin.

(advertinsje)
(advertinsje)