Jeugdteäterfoarstelling Kanoet oer it Waad giet nei Dútslân

24 jun 2019 - 11:05

De jeugdteäterfoarstelling 'Kanoet' oer de Waadsee en de waadfûgels giet nei in noardlike toernee no nei Dútslân.

Foto: Rene den Engelsman

Op 30 juny is de earste foarstelling yn Dútslân. Dat bart op de 'Dag van het Wad' yn Wilhelmshaven. It stik wurdt mei Dútske boppetitels spile. Nei de simmer folget in toernee by Dútske skoallen del. Dan wurdt ek yn it Dútsk spile.

It doel is om bern de kwetsberheid fan it Waad sjen en belibje te litten en sa lytse ambassadeurs foar it Waad te krijen.

De foarstelling is al 150 kear spile troch Theo Smedes op skoallen yn de trije noardlike provinsjes foar bern fan groep 5 oant en mei 8. Dêrmei binne mear as 4.000 bern berikt.

De foarstelling is in produksje fan Pier21 yn gearwurking mei it waadûndersyksteam fan Theunis Piersma oan de Rijksuniversiteit Grins en NIOZ Texel.

Trefwurden: 
Waad Pier21 kanoet jeugdteäter
(advertinsje)
(advertinsje)