Wurk oan Ofslútdyk yn nije faze: oerlêst foar ferkear

24 jun 2019 - 10:02

Ferkear dat fan dizze moandei ôf oer de Ofslútdyk wol, hat te krijen mei wurksumheden oan de dyk. Sûnt april wurket Rykswettersteat al oan it fersterkjen fan de Ofslútdyk, mar no giet in nije faze yn. Dy oerlêst sil oant 2023 duorje.

Ofslútdyk - Foto: Shutterstock.com

"Verkeer wordt op bepaalde plekken over één rijstrook geleid. Bij drukte en brugdraaiing kan dat leiden tot vertraging. Dat kan oplopen tot een halfuur, en met vakantiedrukte misschien nog meer", fertelt projektlieder Joost van de Beek fan Rykswettersteat.

Wat wurdt der krekt dien?

"De 32 kilometer lange dijk wordt twee meter hoger en krijgt een nieuwe bekleding van 75.000 golfbrekende blokken. Er komen keersluizen en extra spuisluizen in de Afsluitdijk en grote pompen, waarmee bij extreme weersomstandigheden snel water kan worden afgevoerd uit het IJsselmeer naar de Waddenzee."

It wurk wurdt kombinearre mei oar wurk. "De A7 wordt verbeterd met onder meer nieuw asfalt en een bredere vluchtstrook, er komt een permanente opening in de Afsluitdijk voor vissen voor de vismigratierivier en Windpark Fryslân in het IJsselmeer.

Fytspaad

Ek it fytspaad is no hielendal ôfsletten. "Wel gaat er een elk uur een fietsbus. Gister was de Afsluitdijk nog eenmalig open voor fietsers. Daar was veel belangstelling voor, een paar honderd mensen hebben er gebruik van gemaakt. Het was ook mooi weer natuurlijk."

De dyk wurdt noch in pear kear foar fytsers en kuierders iepensteld dit jier, dat is op 21 july, 4 augustus en 18 augustus.

Joost van de Beek fan Rykswettersteat

(Advertinsje)
(Advertinsje)