Kollum: "Maartenmoe"

24 jun 2019 - 08:27

"Noch in pear oeren swimmen en hy hat it flikt! Maarten van der Weijden docht wat noch nea ien dien hat: de Alvestêdetocht swimmend folbringe. Hast hiel Nederlân folget 'm online of fia ferslach op radio en telefyzje. Ek wy sitte der hjir by de Omrop boppe-op en hâlde fan minút oant minút by wêr't Maarten is en hoe't it mei him giet. En dat alles foar it goeie doel: jild foar mear ûndersyk nei kanker. Mar by guon minsken smyt dizze aksje in oare klacht op: de saneamde 'Maartenmoeheid'. In hiel hurdnekkich syndroom.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

'Maartenmoe': ik hie der noch nea fan heard. Oant foarige wike moandei. Yn de tariedingen op de swimtocht fan Maarten hiene wy oerlis en waard besprutsen hoe't wy op ferskate wizen omtinken jaan koenen oan dit hiele barren. "Wy moatte der wol omtinke dat we minsken net oerfuorje", warskôge in kollega. "Minsken binne al wat Maartenmoe", sei er. Wat? Maartenmoe; wat is dat? "Klear mei dat hiele gedoch", lei dyselde kollega út. "Dy fine dat wy der te folle op ynzoome. Der is mear as allinnich Maarten."

Fansels, dat lêste is in wierheid as in ko. Mar wat in eamelsekken, dy Maarten-moeie minsken. Wat in negativelingen, wat in jittikmigers, wat in Maarten van Rossums wenje der toch ek yn dit lân. Dêr fernuverje ik my hieltyd faker oer. De algemiene teneur dat wy alles it leafste ôfseike wat in oar docht. Hoe posityf ek; in bepaald slach minsken wit der altyd in negative draai oan te jaan.

Ik mocht koartlyn sels Maarten van der Weijden ynterviewe. Wat in positive keardel is dat. Op de fraach oft it him dit kear slagje soe om de einstreek te heljen, lake er. "Dat is nou juist het mooie aan de Elfstedentocht: dat weet je nooit", sei er. Mar hy wie der - better as ferline jier - hielendal klear foar. Mei de ûnderfining fan 2018 yn de achterholle moat it dit kear slagje.

Ik ha werklik net faak sokke positive minsken oan de telefoan. It lêste wat dizze man wol is minsken yrritearje of fermoeie mei syn ferhaal. Hy bliuwt beskieden oer syn eigen rol en besiket benammen it goeie doel alle kearen nei foaren te skowen as er in ynterview jout. It giet net om him, it giet om it ûndersyk nei kanker.

Ik ha grut respekt foar syn barre swimtocht. Ast der oer neitinkst is it ûnminsklik. Fjouwer dagen lang yn it wetter lizze, ite en sliepe. Doch him dat mar ris nei. Dat slagget werklik gjin minske. En dan aanst út it wetter stappe mei in grutte grijns op 'e kop. Dat hoopje ik fan herte.

Ek dit jier helje Maarten en al dy frijwillige swimmers mei dizze aksje in smak jild op foar de striid tsjin kanker. Miskien mei der in hiel lyts bytsje fan dit jild brûkt wurde foar ûndersyk nei 'Maartenmoeheid'. Alhoewol: dat is eins ek hielendal net nedich. De oarsaak dêrfan is al lang bekend. Dizze minsken hawwe lêst fan in groanyske eamelsek. En spitich genôch is dêr neat mear oan te dwaan."

(advertinsje)