Oersjoch tredde dei en nacht fan Maarten van der Weijden

24 jun 2019 - 07:13

De tredde dei en nacht fan Maarten is goed ferrûn. It grutste part fan de dei lei hy foar op it skema fan de organisaasje. Op de tredde dei fan de meunsterachtige tocht hat Maarten sa'n 50 kilometer swommen mei in gemiddeld tempo fan 3 kilometer yn de oere. Moandeitemoarn betiid hat er wat fertraging oprûn om't syn swimpak net goed siet. Hjirûnder in oersjoch fan syn tredde dei.

Paulien van Deutekom Foundation

In bysûnder momint wie doe't Kay van der Kooi, de man fan de ferstoarne âld-reedrydster Paulien van Deutekom, in stik mei Maarten swom yn Harns. "Een heel bijzondere ervaring." Hy die mei foar de Paulien van Deutekom Foundation. De âld-wrâldkampioen reedriden ferstoar begjin dit jier oan de gefolgen fan longkanker. Freondinnen fan har fongen him op nei it swimmen. "Heel mooi om ze allemaal hier zo samen te zien, om dit met zijn allen te kunnen doen."

Berltsum as tolfde stêd

Op snein stie neist Harns ek Frjentsjer op it programma, mar oan de yntocht te sjen like it as wie Berltsum de tolfde stêd fan Fryslân.

De slûs oer

Mei in grutte kraan is Maarten van der Weijden oer de slûs by Wier en de Alde Leie takele. Sa koe er lizzen bliuwe en hoecgde er net oerein. Dat soe better wêze foar syn sûnens, om't er no al dagenlang net rjochtop stien hat.

Lekker sliepe

Om 23.30 oere makke de organisaasje bekend dat Maarten him in pear oeren deljout foar Bartlehiem. Ferslachjouwer Arjen de Boer koe it net litte en socht syn boat efkes op, mar hy hat Maarten net wekker makke.

Sliepe óp de brêge

Maarten hat mear as 3 oeren slept, mar al dy tiid wiene de taskôgers yn Bartlehiem op him oan it wachtsjen. In heit mei syn dochter bygelyks dy't in pear oeren yn de auto slept ha. Mar ek guon minsken slepten mei in kleedsje op de brêge fan Bartlehiem. Jo moatte der wat foar oer ha!

It pak út

Om healwei fiven hinne stapte Maarten werom de begeliedingsboat yn. Syn pak blykte net goed te sitten. Hy hat lêst fan de wriuwplakken, en dêrom is er foar in part út it pak helle. Dat it pak út is, is net in goeie saak. Der sit in gatsje yn it pak en de organisaasje is benaud dat dy fierder útskuort. Dat kin betsjutte dat hy in folslein nij pak oan ha moat.

Yn in earder petear fertelde húsdokter Marco Blanker dat Maarten eins it pak oanhâlde moast. Op it momint dat Maarten syn pak út giet, kin syn hûd opswolle en kinne de bloedfetten iepen stean gean. Hy kin dan in te lege bloeddruk krije, neffens Blanker.

Nei in lyts heal oerke swom Maarten wer fierder rjochting it ferneamde brechje yn Bartlehiem.

(Advertinsje)
(Advertinsje)