Maarten is deade punt yn Burdaard fan ferline jier foarby

24 jun 2019 - 07:02

Maarten van der Weijden is no al fierder mei syn Swimâlvestêdetocht as ferline jier. Ferline jier augustus moast er belies jaan nei't er 163 kilometer swommen hie. Dat wie yn Burdaard, dêr't no it monumint stiet op it punt dêr't Maarten yn 2018 sei: ik hâld op. Op dat punt krige Maarten in ekstra stimpel fan syn dochters. Maarten lit Burdaard efter him komt nei ferwachting om 10.00 oere oan yn Dokkum.

Ferline jier seach Maarten syn trochkomst yn Burdaard der hiel oars út. Hjirûnder de bylden.

De finish is dit jier by de Grutte Wielen yn Ljouwert. Neffens it skema fan de organisaasje komt er ûngefear om 19.30 oere dêr oan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)