LIVEBLOG: Maarten is yn Ljouwert oankaam!

24 jun 2019 - 18:55

De swimtocht fan Maarten van der Weijden by de Fryske alve stêden del is dei en nacht by Omrop Fryslân te folgjen, ûnder oare fia dit liveblog. Maarten sette freed 21 juny útein en komt hjoed wer yn Ljouwert oan. Hy swimt de meunstertocht fan sa'n 200 kilometer om jild yn te sammeljen foar ferskate projekten tsjin kanker. De earste twa dagen weromlêze kin hjir: dei 1, dei 2 en dei 3. Alles wat Omrop Fryslân docht op radio, telefyzje en ynternet is te finen op de spesjale side Maartens Alvestêdetocht.

20:37
Reaksje Maarten van der Weijden

Mei dizze reaksje fan Maarten van der Weijden slute we dit liveblog ôf. Bliuw ús webside yn de gaten hâlden foar mear nijs oer syn Swimalvestêdetocht.

Reaksje Maarten van der Weijden

19:59
Wat in bedrach

Maarten van der Weijden hat mei syn Swimalvestêdetocht 3.910.763,11 euro ophelle foar kankerûndersyk. En dat bedrach is noch mar in tuskenstân.

Bedrach

19:58
Sa kaam Van der Weijden oan

Hy is der

19:49
Kommissaris Brok: "Pikefel"

"Pikefel, it is sa bysûnder", seit kommissaris Arno Brok. "Elkenien hat de tocht sa droegen, fansels is der it sportive elemint, mar ek syn ferhaal, de Fryske tradysjes en in grutske provinsje, dat kaam allegear by elkoar." Hy hat op tal plakken by oan de rûte west. "Op alle mominten wie it moai. Dat der safolle jild ophelle is foar it goede doel, dêr giet it om."

Arno Brok

19:48
Oprop: stek de flagge út
19:42
Op it poadium: "Ik heb ervan genoten"

Maarten giet nei it poadium. Dat slagget him op eigen krêft. Hy sprekt it publyk ta. "Het was een lijdensweg, maar ik heb ervan genoten, dat komt door jullie enorme enthousiasme." Hy wapperet mei de Fryske flagge en giet wer fan it poadium ôf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)