Liveblog | 24 juny 2019

LIVEBLOG: Maarten is yn Ljouwert oankaam!

Folgje Maarten van der Weijden wylst er syn lêste kilometers swimt en syn lêste stimpels krijt yn Dokkum en Ljouwert.
Lêst bywurke: 24 juny 2019, 20:39
20:37

Reaksje Maarten van der Weijden

Mei dizze reaksje fan Maarten van der Weijden slute we dit liveblog ôf. Bliuw ús webside yn de gaten hâlden foar mear nijs oer syn Swimalvestêdetocht.
Reaksje Maarten van der Weijden
20:11

Keninklike felisitaasje

19:59

Wat in bedrach

Maarten van der Weijden hat mei syn Swimalvestêdetocht 3.910.763,11 euro ophelle foar kankerûndersyk. En dat bedrach is noch mar in tuskenstân.
Bedrach
19:58

Sa kaam Van der Weijden oan

Hy is der
19:56

Moeting tusken Maarten en Reinier

19:49

Kommissaris Brok: "Pikefel"

"Pikefel, it is sa bysûnder", seit kommissaris Arno Brok. "Elkenien hat de tocht sa droegen, fansels is der it sportive elemint, mar ek syn ferhaal, de Fryske tradysjes en in grutske provinsje, dat kaam allegear by elkoar." Hy hat op tal plakken by oan de rûte west. "Op alle mominten wie it moai. Dat der safolle jild ophelle is foar it goede doel, dêr giet it om."
Arno Brok