Darter Noppert debutearret yn july op de World Matchplay

23 jun 2019 - 21:04

Darter Danny Noppert fan De Jouwer makket yn july syn debút op de World Matchplay yn Blackpool. Troch de resinte resultaten op de fliertoernoaien kin de 28-jierrige darter net mear ynhelle wurde yn de striid om kwalifikaasje.

Foto: Orange Pictures

Dit wykein spile Noppert yn Wigan twa Players Championships. Op sneon berikte er noch kreas de lêste sechstjin, wêrnei't er sneintemiddei al yn de twadde wedstriid ferlear. Op de ranglist fan de fliertoernoaien, de ProTour Order of Merit, stiet de Jousters lykwols feilich boppe de kwalifikaasjestreek.

World Matchplay

De World Matchplay wurdt fan 20 oant 'e 28 july hâlden yn de Ingelske havenstêd Blackpool. It is nei it WK yn Londen it grutste telefyzjetoernoai by de PDC.

Tsjin wa't Noppert it yn de earste ronde opnimme moat, is noch net bekend. Alle dielnimmers moatte offisjeel noch befêstige wurde. Dat bart nei it Europeeske toernoai yn Praag takom wykein, dêr't de Jouster jim ek foar kwalifisearre hat.

(advertinsje)
(advertinsje)