Partoer Van der Bos pakt sânde seizoensoerwinning yn Berltsum

Nei de tredde priis fan foarige wike yn Sint Jacob hat it partoer fan Gert-Anne van der Bos yn Berltsum de oerwinningsstriid wer oppakt. Van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra wûnen yn de finale mei 5-3 en 6-4 fan Enno Kingma, Renze Pieter Hiemstra en Sjoerd de Jong.
© Henk Bootsma
Op dy stân miste Enno Kingma it perk en dêrmei gie de oerwinning nei it dit seizoen oppermachtige partoer. Tjisse Steenstra waard nei ôfrin fan de partij útroppen ta kening. It is foar Van der Bos-en-dy de 28ste oerwinning sûnt se as formaasje byinoar binne.

Blessuere

Renze Pieter Hiemstra foel yn de finale yn by 4-2 en 6-6 foar Pieter Jan Plat, dy't it linkerskouder út de kom krige by in kearaksje. De tredde priis wie foar Haye Jan Nicolay, Pier Piersma en Evert Pieter Tolsma.