Ek NK-titel foar Lieke Wevers, sulver foar Rick Jacobs

23 jun 2019 - 19:03

Lieke Wevers fan Ljouwert hat sneintemiddei yn Rotterdam twa Nederlânske turntitels pakt. Op de brêge wie Wevers mei 14.167 punten de bêste by de froulju en ek op de flier pakte se in gouden medalje.

Lieke Wevers

Wevers makke yn Rotterdam op de Nederlânske kampioenskippen har rentree. Njonken de twa titels waard se fjirde op 'e balke. Dat gie net hielendal flaterleas; se fûl ûnder har oefening.

Jacobs twadde

By de manlju wie der njonken de suksessen fan Epke Zonderland ek in kreaze prestaasjes fan Rick Jacobs fan Ljouwert. Hy waard twa kear twadde: op 'e flier en yn 'e ringen.

Yn de kategory sprong hoechde er úteinlik net yn aksje te kommen, om't er de iennige dielnimmer wie. Dêrom wie der ek gjin Nederlânske titel foar Jacobs.

Rick Jacobs

(Advertinsje)
(Advertinsje)