Nederlânske titel foar Epke Zonderland op 'e rekstôk yn Rotterdam

23 jun 2019 - 18:12

Epke Zonderland fan De Lemmer hat snein op de finaledei fan it NK turnjen yn Rotterdam de Nederlânske titel pakt. Op 'e rekstôk pakte er mei in 'Cassina' en in 'Kolman' de oerwinning, mei 14,500 punten.

Mei syn skoare liet Zonderland de nûmer twa en regearjende Nederlânsk kampioen Bart Deurloo efter him. Deurloo hie 13,750 punten. Hy wie wol de bêste op it ûnderdiel voltige mei 14,350 punten. Frank Rijken wie mei 14,550 punten de sterkste op 'e brêge.

Trefwurden: 
Epke Zonderland turnjen NK
(Advertinsje)
(Advertinsje)