FIDEO: LDODK lit kânsen lizze om Fryske kuorbalhistoarje te skriuwen

Se wienen dwaande mei it bêste seizoen yn de kluphistoarje, mar slute ôf mei in kater. LDODK hie de earste Fryske ploech mei in lânstitel wurde kinnen, mar ferlear de finale om it kampioenskip fan Nederlân fan DOS'46 mei 18-14.
LDODK lit kânsen lizze om Fryske kuorbalhistoarje te skriuwen
Earder dizze wike waard yn de noardlike bekerfinale ek al ferlern fan Mid-Fryslân. Beide kearen wie it grutte probleem in dramatysk skotpersintaazje. En dat wie no just it sterke punt fan de Gordyksters dit seizoen.
Henk Jan Mulder
Trainer Henk Jan Mulder fan LDODK is teloarsteld oer de útkomst fan de finale. "It is in hiele bittere pil. Ik tink wol dat wy terjochte ferlern hawwe. Nei it skoft lieten wy it lizzen en dêr hawwe wy it dan ek ferlern. Der wie oer de hiele partij besjoen gewoanwei fierstente min skotkrêft."
Erwin Zwart