Sanne Vermeer pakt brûnzen medalje op EK judo

23 jun 2019 - 16:53

Judoka Sanne Vermeer fan Stiens hat sneintemiddei in brûnzen medalje behelle op de Europeeske kampioenskippen yn Minsk. Yn de striid om de medalje wie se yn de klasse oant 63 kilo te sterk foar Martyna Trajdos út Dútslân.

Foto: Omrop Fryslân

Vermeer wie goed dwaande yn de haadstêd fan Wyt-Ruslân, dêr't it EK by de Europeeske Spelen hâlden wurdt. Se kaam yn de heale finale mei oerwinningen tsjin Edwige Gwend en Darja Davidova.

Yn de heale finale ferlear de Friezinne fan Clarisse Agbegnenou, de wrâldkampioene út Frankryk.

Trefwurden: 
EK judo Sanne Vermeer
(Advertinsje)
(Advertinsje)