Stâlmuorreslûper byt Fryske man yn saakje

23 jun 2019 - 16:02

In man út Fryslân is begjin dizze moanne yn syn ikel biten troch in spin. It giet om in stâlmuorreslûper fan sa'n 9 oant 12 milimeter grut en foar safier bekend is it de earste kear dat sa'n spin in minske dêr biten hat, meldt de webside Nature Today.

Foto: Wikipedia Creative Commons

De stâlmuorreslûper komt yn ús lân in soad foar, mar noch nea earder waard melding makke fan in byt op dat plak. Nei alle gedachten giet it om in ûngelok en hat de spin út needwar biten. De byt sels fielst wol, mar is fierder net gefaarlik.

Naturalis

De spin sels is opstjoerd nei it kennissintrum ynsekten en wurdt opnommen yn de kolleksje fan Naturalis. Hoe't it no mei de man giet dy't biten is, is net bekend.

Trefwurden: 
spin byt saakje
(Advertinsje)
(Advertinsje)