Applaus foar wetterplysjes dy't boetes útskriuwe op Prinses Margrietkanaal

23 jun 2019 - 15:28

Wetterplysjes ha applaus krigen fan boatsjeminsken doe't se by Snits de bestjoerders fan trije speedboaten boetes jûn ha foar hurdfarren. Dat meldt de wetterplysje.

Foto: politie.nl

"Onder luid applaus van de overige reacreanten hebben we net drie speedboten beboet voor spelevaren", seit de wetterplysje. De boetes binne jûn op de krusing fan de Houkesleat en it Prinses Margrietkanaal. Dat is flakby it Starteilân.

Neffens de wettersplysje stiet it hurdfarren mei stip op ien yn de top tsien fan ergernissen op it wetter.

Trefwurden: 
wetterplysje Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)