Gjin alvestêdekrúske foar Maarten van der Weijden: "Hy krijt it net"

Maarten van der Weijden krijt net it offisjele alvestêdekrúske fan de keninklike feriening Friesche Elf Steden as er syn tocht útswimt. De suggestjes wie fan meardere kanten dien, mar de feriening prakkesearret der net oer, seit bestjoerslid Immie Jonkman.
Maarten van der Weijden by Sleat © Kappers Media
"Miskien ferstjinnet er it krúske wol, mar hy krijt it net" seit Jonkman yn it radioprogramma Buro de Vries. "Us krúske is allinne bedoeld foar leden dy't de tocht op redens útride. Punt." De heldere teksten roppe wer nije reaksjes op, benammen op social media.
Maarten hoecht ek net te rekkenjen op in oar sinjaal fanút de feriening. "Gjin diploma of oarkonde of spesjaal krúske of sa. Dat is net oan ús", seit Jonkman.
"Wy moatte by sterk iis in tocht op redens organisearje. Neat mear en neat minder." As der wat komme moat as earbetoan foar Maarten syn prestaasje, moatte oaren dêr foar soargje. Wy net."
Harkje nei Immie Jonkman yn Buro de Vries