Nyck de Vries pakt gjin punten yn sprintrace, mar bliuwt lieder yn klassemint

23 jun 2019 - 12:34

Nyck de Vries is foar it earst dit seizoen einige sûnder punten yn de Formule 2. Hy kaam snein as tsiende oer de finish by de sprintrace yn de Grand Prix fan Frankryk. De punten wiene allinnich foar de earste acht. De Vries bliuwt wol lieder yn it klassemint. Der ha no fiif fan de tolve wedstriden west.

Nyck de Vries - Foto: www.orangepictures.nl

De Vries begûn as achtste by de sprintrace, omdat hy sneon de haadrace knap wûn hie. Syn start wie net goed. De Vries sakke ien plak, klom dêrnei troch nei it sânde plak, mar seach oan de ein fan de race Louis Delétraz, Callum Ilott en Nobuhara Matsushita him ien foar ien foarby gean. De Frânsman Anthoine Hubert wûn de thúswedstriid.

De Vries syn grutste konkurrint is de Kanadees Nicholas Latifi. Dy waard sechsde en rint dêrtroch fjouwer punten yn op De Vries.

Top 5 nei fiif fan de tolve races:

1. Nyck de Vries 121
2. Nicholas Latifi (Kanada) 109
3. Jack Aitkin (Grut-Brittannië) 85
4. Sergio Sette Camara (Brazilië) 80
5. Guan You Zhou (Sina) 76
(Advertinsje)
(Advertinsje)