Feriening Friesche Elf Steden: "De Alvestêdetocht is fan elkenien"

De Alvestêdetocht is fan elkenien. Dat seit Immie Jonkman fan de feriening Friesche Elf Steden. Dat is de feriening dy't de reedryd-alvestêdetocht organisearret.
© Kappers Media
Jonkman die har útspraak yn it nijsfoarum fan Buro de Vries. Yn dat radioprogramma wurde de lêste aktualiteiten en de achtergrûnen by it nijs bepraat.
Minsken dy't wat organisearje wolle, meie de namme Alvestêdetocht gewoan brûke, seit Jonkman. "Dy namme stiet garant foar in protte oandacht. Lanlik springe alle media der boppe-op."
"Maarten wit syn ferhaal op in hiele goeie manier te fertellen. Hy wit himsels goed te presintearjen hellet in protte jild op." Van der Weijden swimt om jild yn te sammeljen foar kanker-ûndersyk.
Minsken oan de kant wurde soms emosjoneel as se dêr oan tinke.
Emoasjes
Neffens Jonkman is it net slim as de swierte fan it doel oerstimd wurdt troch feest en muzyk oan de kant fan it wetter. "Moatte we dan allegearre 200 kilometer mei fertriet nei de bylden sjen?"
"Ik tink dat hy it op dy manier ek net hellet. Hoe mear hoempa-orkesten, hoe better!"
Immie Jonkman, Houkje Rypstra en Otto van der Galiën yn it nijsfoarum fan Buro de Vries © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
It nijsfoarum oer Maarten van der Weijden
"De Alvestêdetocht is net fan ús as feriening, seit Jonkman. Dat wolle we ek net. Wy wolle de alvestêdetocht op redens organisearje." De lêste kear dat dat slagge, wie yn 1997.
"Allinne it krúske is fan ús. Dat meie oaren net brûke. Ek net foar dropkes of sa. Dat mei gewoan net."