Piet Paulusma: Moandei wurdt "in swiere dobber" foar Maarten

23 jun 2019 - 10:41

Moandei binne de omstannichheiden foar alvestêdeswimmer Maarten van der Weijden it swierst. Dat seit waarman Piet Paulusma. "It wurdt in swiere dobber."

Foto: ANP

Neffens Paulusma geane de temperatueren omheech, en nimt de wyn ta. De kommende nach ferwachtet er in nij waarmterekôr, mei 19 graden.

Moandei is de sinne der folop by, al kinne der ek wol wat wolken wêze. Paulusma ferwachtet tropyske temperatueren, fan 30 graden, en yn it easten fan de provinsje sels 31 graden.

Piet Paulusma oer it waar fan snein en moandei

De wyn komt moandei út it easten, en sil matich oant frij krêftich wêze. Yn flagen kin de wyn krêftich wêze. Dat is wynkrêft seis op de skaal fan Beaufort. Op rommer wetter kinne der dan hegere golven stean.

Alvestêdetocht

Van der Weijden swimt de alvestêdetocht om jild op te heljen foar kankerûndersyk. Foarich jier hat er dat ek dien. Doe hat er de finish net helle. Troch ûnderweis no mear út te rêsten, soe dat dit jier oars wêze moatte.

De swimtocht fan Maarten van der Weijden is rjochtstreeks te folgjen op radio en telefyzje, en ek yn in liveblog fan Omrop Fryslân.

Mear ynformaasje is te finen op omropfryslan.nl/Maarten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)