Maarten hat wer goed slept en leit noch altyd foar op skema

23 jun 2019 - 06:01

Fan de Sleattemer Mar oant Skettens: Maarten van der Weijden hat sneon goed sechstich kilometer fan syn Swimalvestêdetocht ôflein. Boalsert is de lêste stêd dêr't er sneontejûn let in stimpel helle. Twa oerkes letter joech er him del. In kompilaasje fan syn tocht oant no ta:

Maarten van der Weijden wie om 00.30 oere yn Skettens. Dêrnei is er nei in sliepplak gien, krekt bûten it doarp. Wêr presys is net bekend, mar wol dat it op it wetter wie. In grut diel fan syn team slepte op in boat by Skettens.

Van der Weijden hat in goede nacht hân, meldt syn dokter Marco Blanker. Maarten fynt alle oanmoedigingen de hiele dei geweldich, mar de pear oerkes stilte wurdearret er ek. Dat hat meiholpen oan in goede nachtrêst, hoe koart dy ek wie.

Dit wie dei 2

Maarten van der Weijden lei freed al foar op skema en dy 'foarsprong' wreide er sneon allinnich mar fierder út. Dat soarget yn de organisaasje fan ferskate eveneminten yn de stêden foar problemen: dy moatte allegear earder. Van der Weijden helpt in hantsje mei: hy makket in lytse omwei nei Warns, sadat se yn Starum op tiid klear binne as hy dêr is.

En sa as oeral binne der bysûndere persoanlike ferhalen. Ien dêrfan is fan Tim Jubbega út Amerongen. Hy sit yn in rolstoel, om't er spina bifida hat. Dochs swimt er mei Maarten van der Weijden mei.

Ek dit jier wolle in protte minsken wer in glimp opfange fan Maarten van der Weijden. It wie sneontemiddei yn en om Hylpen sels sa drok, dat it ferkear fêstrûn. De organisaasje advisearre minsken om net mear mei de auto nei de stêd fan de fyfde stimpel te kommen.

Maarten van der Weijden swom sels ek hast de ferkearde kant op. De folchboat like by Koudum nammentlik even de ferkearde kant op te farren en Van der Weijden gie derefteroan. Al gau hie er gelokkich de goeie rjochting wer te pakken. Flak foar 17.00 oere hie er de stimpel fan Hylpen binnen.

Goed twa oeren letter 'al' hie er yn Warkum ek de sechsde stimpel sammele. Yn dy stêd hie er ek even tiid om in hapke te iten en even by te praten mei syn dochters.

De lêste stêd fan sneon en de lêste yn de gemeente Súdwest-Fryslân wie Boalsert. Dêr wie Maarten om likernôch 23.00 oere. Krekt as yn de oare stêden naam er in sjek yn ûntfangst en wiene der mear as hûndert meiswimmers.

It heljen fan Boalsert betsjutte ek dat Maarten van der Weijden op de helte wie fan syn Swimalvestêdetocht. Mear as 100 kilometer hat er hân.

Fan likernôch 01.00 oere oant 04.00 oere hat Van der Weijden slept yn de buert fan Skettens. Dêrnei sette er syn swimtocht fuort yn de rjochting fan Wytmarsum. Dêr stiene de minsken om 01.00 oere al klear om him op te wachtsjen, mar sy moasten noch in pear oerkes wachtsje.

Om 04.00 oere hinne waard Van der Weijden wekker en krekt wat letter begûn er wer te swimmen ûnderweis nei Harns. De ferwachting is dat er dêr tusken 08.00 en 09.00 oere oankomt.

De swimtocht fan Maarten van der Weijden by de Fryske alve stêden del is dei en nacht by Omrop Fryslân te folgjen, ûnder oare fia dit liveblog. Fansels is de tocht fan Maarten op radio, telefyzje en op ynternet te folgjen. Omrop Fryslân is der 24 oeren deis by en hâldt dy op 'e hichte.

Sjoch fluch op ús dossierpagina foar it lêste nijs fan de Swimalvestêdetocht en folgje ús op social media mei de hashtag #swim11.

(Advertinsje)
(Advertinsje)