Liveblog | 23 juny 2019

LIVEBLOG: Maarten leit wer yn it wetter en swimt rjochting Bartlehiem

Wêr is Maarten van der Weijden en hoe giet it mei syn swimtocht troch Fryslân? Hjir kinst alles fine oer de Alvestêdetocht.
Lêst bywurke: 24 juny 2019, 06:24
moandei 24 juny 2019
06:03

Tank foar it folgjen

De lêste dei is no echt úteinset! Dêrom slute we dit liveblog ôf, want ek de tredde dei en nacht fan Maarten van der Weijden sitte der echt op. Dei fjouwer is fan no ôf te folgjen yn dit blog.
05:54

Maarten is Bartlehiem foarby

Maarten is Bartlehiem foarby
05:09

Hy swimt wer!

Maarten hat sawat in heal oere op de begeliedingsboat sitten, mar hy leit no wer yn it wetter en swimt rjochting Bartlehiem. Húsdokter Marco Blanker fertelt ús dat hy Maarten syn skouder ynfette hat en de temperatuermjitter dy't Maarten yn syn pak hie der út helle hat. Dêrtroch fielt hy him in hiel stik better.
05:03

Ferslachjouwer Arjen de Boer oer hoe't it no mei Maarten giet.

It team fan Maarten is him oan it fersoargjen
04:56

Miskien in lege bloeddruk

Dat it pak út is, is net in goeie saak. Yn in earder petear fertelde húsdokter Marco Blanker dat Maarten eins it pak oanhâlde moast. Op it momint dat Maarten syn pak út giet kin syn hûd opswolle en de bloedfetten iepen stean gean. Hy kin dan in lege bloeddruk krije.
04:44

It pak út

Maarten is it wetter wer út om't syn pak net goed sit. Hy hat lêst fan de wriuwplakken en dêrom wurdt hy op dit stuit út syn pak helle, seit ferslachjouwer Arjen de Boer.