LIVEBLOG: Maarten leit wer yn it wetter en swimt rjochting Bartlehiem
De swimtocht fan Maarten van der Weijden by de Fryske alve stêden del is dei en nacht by Omrop Fryslân te folgjen, ûnder oare fia dit liveblog. Maarten sette freed 21 juny útein en moat moandei wer yn Ljouwert oankomme. Hy swimt de meunstertocht fan sa'n 200 kilometer om jild yn te sammeljen foar ferskate projekten tsjin kanker. De earste twa dagen weromlêze kin hjir: dei 1 en dei 2. Alles wat Omrop Fryslân docht op radio, telefyzje en ynternet is te finen op de spesjale side Maartens Alvestêdetocht.
De lêste dei is no echt úteinset! Dêrom slute we dit liveblog ôf, want ek de tredde dei en nacht fan Maarten van der Weijden sitte der echt op. Dei fjouwer is fan no ôf te folgjen yn dit blog.
Maarten hat sawat in heal oere op de begeliedingsboat sitten, mar hy leit no wer yn it wetter en swimt rjochting Bartlehiem. Húsdokter Marco Blanker fertelt ús dat hy Maarten syn skouder ynfette hat en de temperatuermjitter dy't Maarten yn syn pak hie der út helle hat. Dêrtroch fielt hy him in hiel stik better.
Dat it pak út is, is net in goeie saak. Yn in earder petear fertelde húsdokter Marco Blanker dat Maarten eins it pak oanhâlde moast. Op it momint dat Maarten syn pak út giet kin syn hûd opswolle en de bloedfetten iepen stean gean. Hy kin dan in lege bloeddruk krije.
Maarten is it wetter wer út om't syn pak net goed sit. Hy hat lêst fan de wriuwplakken en dêrom wurdt hy op dit stuit út syn pak helle, seit ferslachjouwer Arjen de Boer.
De organisaasje tinkt dat Maarten om 05.45 oere yn Burdaard oankomt en om 10.00 oere yn Dokkum.
Nei mear as 3 oeren sliepe is Maarten van der Weijden wer oan it swimmen. It is noch in pear kilometer foardat hy ûnder de brêge fan Bartlehiem troch komt.
Neffens ferslachjouwer Arjen de Boer wurdt Maarten oer 5 minuten wekker makke en giet hy earst wat iten foardat hy it wetter yn giet.
Sporthistoarikus Jurryt van de Vooren fertelt it ús
Tsientallen ljochten, in kampfjoer en minsken dy't op syk binne nei it ferneamde brechje fan Bartlehiem. Ferslachjouwer Arjen de Boer dûkt it doarp alfêst yn.
Ferline jier slepte Maarten net mear as 20 minuten per kear. Dit kear hat hy dit oanpast nei 1,5 oere oant 3 oeren per nacht. Ferstannich, seit sliepekspert Francis Lanen, om't Maarten nei oardel oere yn elk gefal ien sliepsyklus hân hat.
Wat dit jier ek oars is, is de bril mei in read en blau ljocht dy't Maarten op hat. Neffens Lanen soarget it read ljocht foar it oanmeitsjen fan melatonine sadat Maartenmakliker yn sliep komt. It blauwe ljocht soarget derfoar dat syn biologyske klok nei it sliepen wer opstart.
Sliepekpert Francis Lanen
Nei skatting sil Maarten 3 oant 4 oeren sliepe en dan swimt er nei Bartlehiem.
Noch efkes en dan komt Maarten van der Weijden by Froubuorren del. Hy is de hoek yntusken foarby en swimt no yn noardlike rjochting nei Froubuorren.
Maarten van der Weijden swimt op dit stuit tusken Berltsum en Froubuorren.
Maarten mei it alvestêdekrúske fan Hans Bouma wol hawwe
Der is yntusken sa'n 1,4 miljoen euro ophelle mei de swimalvestêdetocht. Dat meldt de NOS. It bedrach is heger as foarich jier om dizze tiid hinne. Doe is der yn totaal mear as fiif miljoen euro ophelle.
Berltsum jout Maarten in meunsterachtige yntocht.
Lisanne Spaander fersoarget yn alle alve stêden it besinningsmomint tegearre mei longdokter Sander de Hosson. Sels hat Lisanne ek kanker hân, mar se is no tumorfrij. By de besinningsmominten fertelt se har libbensferhaal en hat se it oer it belang fan ûndersyk nei kanker. Se sjongt dêrby ek ferskes dy't se sels skreaun hat oft dy har krêft jouwe. Se is spesjaal troch Maarten van der Weijden frege om oan dizze byienkomsten mei te wurkjen.
Lisanne hat ek spesjale kettingen mei kleurde kralen. Elke kraal stiet foar in behanneling en yn in jier tiid hat se der 287 oan har ketting sammele. Oan de ein fan de ketting sit in bysûndere kraal. Lisanne fertelt deroer yn de fideo hjirûnder.
Maarten van der Weijden is yn Frjentsjer. Tûzenen minsken sjogge hoe't hy dêr in stimpel krijt. No op nei Dokkum!
Bewenners fan fersoargingshûs Westerpoort yn Frjentsjer sjogge út nei de trochkomst fan Maarten. Se sitte fan healwei alven al op de earste rang mei in moai spandoek om de swimmer oan te moedigjen. Underwilens wurde se goed fersoarge mei iten en drinken, fertelt in begeliedster fan Westerpoort.
Maarten leit noch altyd foar op skema. Nei alle gedachten is er om 12.15 oere hinne al yn Frjentsjer. Hy swimt dêrhinne fia it Van Harinxmakanaal. Op it stuit er is er ûngefear healweis tusken Harns en Frjentsjer.
Kay van der Kooi, de man fan de ferstoarne âld-reedrydster Paulien van Deutekom, swom in stik mei Maarten mei yn Harns. "Een heel bijzondere ervaring." Hy die mei foar de Paulien van Deutekom Foundation. De âld-wrâldkampioen reedriden ferstoar begjin dit jier oan de gefolgen fan longkanker. Freondinnen fan har fongen him op nei it swimmen. "Heel mooi om ze allemaal hier zo samen te zien, om dit met zijn allen te kunnen doen."
Maarten hat syn achtste stimpel binnen. Under in soad publike belangstelling krige er dy yn Harns fan Sint Maarten, dy't der útseach as Sinteklaas en op in boatsje op de swimmer stie te wachtsjen mei in Swarte Pyt. Van der Weijden hat der no 118 kilometer op sitten. Nei Harns is Frjentsjer de folgjende stêd op it programma.
Yn Harns stiet de mem fan Maarten op de trochkomst fan har soan te wachtsjen.
Maarten is al oan de râne fan Harns, dêr't er syn achtste stimpel helje sil.
De oerweldigjende prestaasje fan Maarten foar it goede doel makket in soad gefoel los. Yn Kimswert hat ferslachjouwer Johanna Brinkman in emosjoneel petear mei in taskôger. "Wy wenje yn in ryk lân, en dan moat sa'n jonge sa'n hiel ein swimme om jild byinoar te krijen."
In goed oere nei Wytmarsum is Maarten van der Weijden no yn Arum. Ek dêr wiene guon dy't de hiele nacht trochhelle ha om de swimmer te ferwolkomjen.
We bellen niiskrekt mei Stefan van der Pal. Hy sit al it hiele wykein op de begeliedingsboat dy't yn de buert fan Maarten van der Weijden fart. Elkenien hat hearlik slept, fertelt er. "Ik weet niet eens meer hoe laat het was. Het is sowieso wat lastig met de tijd, daar ben ik me niet bewust van."
Mei Van der Weijden giet it goed. "Hij zwemt alweer heel hard."
Stefan van der Pal
De tredde dei fan Maarten syn Swimalvestêdetocht is úteinset. Hy is ek de ôfrûne nacht goed trochkommen. Hy hat slept fan 1.00 oant 4.00 oere, flakby Skettens. Yntusken is er alwer foarby Wytmarsum, op 'en paad nei Harns.
Alles fan sneon weromlêze? Dat kin hjir.