Maarten van der Weijden is oer de helte fan Swimalvestêdetocht

22 jun 2019 - 23:34

Maarten van der Weijden is offisjeel oer de helte fan syn Swimalvestêdetocht. Sneontejûn krekt nei 23.00 oere wie er yn Boalsert. Hy hat no sa'n 100 fan de hast 200 kilometer hân.

Van der Weijden leit flink foar op it oarspronklike skema. De ferwachting wie nammentlik dat er om 00.40 yn Boalsert oankomme soe. Op dat skema leit er dus sa'n oardel oere foar.

Yn Boalsert hat Van der Weijden syn sânde stimpel ophelle. Sneintemoarn komt Van der Weijden, as alles goed giet, oan yn Harns. In pear oeren letter stiet Frjentsjer op it programma. Dêrnei is Dokkum noch de lêste stêd foar't er wer rjochting Ljouwert kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)