Sytse Bokma wint ljepperij yn Winsum mei ien sintimeter ferskil

22 jun 2019 - 22:26

Sytse Bokma fan Hylpen hat sneontejûn de fierljepwedstriid yn Winsum op syn namme skreaun. Mei in minym ferskil fan mar ien sintimeter fersloech er Thewis Hobma fan Harns mei in ôfstân fan 20.33 meter. Hobma kaam ta 20.32 meter, en dat wie krekt net genôch foar de winst.

Op it tredde plak by de manlju einige Jan Teade Nauta fan Drylts. Hy kaam ta in ôfstân fan krekt gjin tweintich meter: 19.93. De Fryske liederstrui hinget noch altyd om 'e skouders fan Ysbrand Galama. De Warkumer stiet yn it klassemint 24 sentimeter foar op Nauta.

Winst Marrit van der Wal

By de froulju wûn Marrit van der Wal fan It Heidenskip. Sy ljepte 16.08 meter, de fierste Fryske sprong fan dit seizoen, en wie dêrmei fierwei de bêste yn Winsum. Anna-Jet Leyenaar (14.87) fan Drylts wie twadde, foar Sigrid Bokma (13.95) fan Hylpen.

Wietse Nauta fan Drylts wûn mei 18.14 meter by de junioaren. Rutger Haanstra fan It Heidenskip pakte de deititel by de jonges mei 17.48 meter. By de famkes wûn Lisse van der Knaap fan Drylts mei in ôfstân fan 14.12 meter.

Sytse Bokma - Foto: Martin de Jong
(advertinsje)
(advertinsje)