Keeper Xavier Mous ferlit Cambuur foar PEC Zwolle

22 jun 2019 - 21:55

Sportklup Cambuur moat op syk nei in nije earste keeper. Doelman Xavier Mous ferlit de Ljouwerters en giet oan de slach by earedifyzjonist PEC Zwolle.

Foto: Orange Pictures

Hy tekenet dêr moandei in kontrakt foar twa seizoenen, mei de opsje foar noch in seizoen. Mous hat sneon syn gesicht al efkes sjen litten op de earste training fan de ploech út Zwolle.

Mei it fertrek fan Mous moat Cambuur rap op syk nei in nije doelman. De Ljouwerters hiene Nick Olij fan TOP Oss op it each, mar dy hat yntusken al by NAC Breda tekene.

(advertinsje)
(advertinsje)