Vlap 'gewoan' by earste training Hearrenfean, mar: "Natuurlijk is er interesse"

22 jun 2019 - 20:46

By de earste training fan SC Hearrenfean stienen sneontemiddei twa nije spilers op it fjild. Mar, der die ek ien mei dêr't de ofrûne tiid in hiel soad oer praat is. Michel Vlap hie in fantastysk foarich seizoen, wêrtroch't der ynteresse foar him is.

Dochs trainde de Snitser sneon gewoan mei. "Ik ben nog speler van Heerenveen, dus dan begint de voorbereiding de 22ste", seit Vlap.

Soad telefoantsjes

De ofrûne wiken hie Vlap fakânsje. Dochs ha der wol aardich wat tillefoantsjes west mei syn saakwaarnimmer. "Mijn vader was er ook en nam het vooral op zich. Ik had redelijk veel mijn telefoon uit staan, dat moet ook wel als je vakantie hebt", fertelt Vlap, dy't linkt is oan in hiel soad klups.

"Er komt heel veel voorbij in de media. Het is wel gek en leuk om mee te maken. Maar, nu ben ik nog speler van Heerenveen."

Anderlecht

Anderlecht soe ien fan de klups wêze dy't yn de merk is foar Vlap. Mear ynteresse is der ek, mar dêr wol de 22-jierrige middenfjilder net tefolle oer kwyt: "Natuurlijk is er interesse en zijn het mooie clubs, maar daarvoor moet je bij mijn zaakwaarnemer zijn", laket Vlap.

Michel Vlap (l) mei Jizz Hornkamp (r) - Foto: Orange Pictures

Technysk manager Gerry Hamstra wit noch net oft Vlap wol of net bliuwt, sa seit er. "Het verhaal is heel simpel, we hebben twee scenario's. Eén mét Michel. Dan hebben we een goeie speler, een echte jongen van de club die vorig jaar zestien goals heeft gemaakt. En er is een scenario zonder Michel, dan vertrekt hij, maar moet er wat tegenover staan want hij heeft nog een driejarig contract. Ik ga van alle scenario's uit", fertelt Hamstra.

Ien fan de klups dy't ynteresse hat, is it Belgyske Anderlecht. "Dat is geen geheim meer, maar dat is afwachten." Oft der mear klups harren melden ha foar de middenfjilder, wol Hamstra net sizze. "Van Anderlecht is het bekend", seiter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)