Haadklassekeatsen Holwert proai foar Dijkstra, Piersma en Van Straten

22 jun 2019 - 20:03

Jelte-Pieter Dijkstra, Pier Piersma en Laas Pieter van Straten hawwe sneon it haadklassekeatsen op it fjild yn Holwert op harren namme skreaun. Dijkstra waard nei ôfrin útroppen ta kening.

Foto: Bote Sape Schoorstra

Yn de troch-inoar-lotsjen partij wiene Dijkstra-en-dy mei 5-4 en 6-6 te sterk foar âld-Holwerter Gert-Anne van der Bos, Marten Feenstra en Evert Pieter Tolsma. De lytse preemje wie foar it partoer fan Haye Jan Nicolay, Sip Jaap Bos en Hendrik Kootstra.

Trefwurden: 
Holwert keatsen
(Advertinsje)
(Advertinsje)