LDODK grypt njonken Nederlânske titel fjildkuorbal

22 jun 2019 - 19:32

De kuorballers fan LDODK binne der sneontejûn net yn slagge Nederlânsk kampioen fjildkuorbal te wurden. Yn de finale yn De Lier ferlear de ploech út Terwispel en De Gordyk mei 18-14 fan DOS '46 út Nijeveen.

Dêrmei giet de Nederlânske fjildtitel yn de eareklasse nei DOS '46. It is in grutte teloarstelling foar de kuorballers fan LDODK; dy koenen sneontejûn de earste Fryske ploech yn 'e skiednis wurde mei in Nederlânske titel, mar de Gordyksters hellen by lange nei net it sterke nivo fan it ôfrûne seizoen.

Foto: Orange Pictures

Min op skot

By it skoft wie it noch 7-7 tusken de beide ploegen. De wedstriid wie oant dat momint spannend, mar nei it skoft koe LDODK de koer net regelmjittich genôch fine. In dramatysk leech skotpersentaazje by LDODK soarge derfoar dat DOS '46 útrinne koe nei 15-11 en dy foarsprong joegen de Nijeveners net mear út hannen. Foar DOS '46 is it de tredde fjild fjildtitel sûnt 1982. Ek yn 2007 waard de it kampioenskip pakt.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK DOS '46
(Advertinsje)
(Advertinsje)