Ofdieling Wommels wint NK froulju, sulveren wimpel foar Sjanet Wijnia

22 jun 2019 - 19:06

It partoer fan Wommels mei Hester Bruinsma, Sjanet Wijnia en Martzen Deinum hat sneontemiddei foar it earst sûnt 1994 wer it NK froulju yn Easterein wûn. Yn in spannende finale rekkenen sy mei 5-4 en 6-2 ôf mei it partoer fan Mantgum: Rixt Keuning, Amarins de Groot en Jennie Terpstra.

Foto: Henk Bootsma

Anna-Brecht Bruisma fan Wommels moast har foar oanfang fan de finale ferfange litte troch har jongere sus Hester fanwegen in knibbelblessuere. Nettsjinsteande dy wiksel pakte har partoer de winst. De tsjinstanners út Mantgum krigen kânsen, mar koene dy net pakke.

Heale finales

Tredde yn Easterein waarden de ôfdielingen Ljouwert en Huzum. Benammen de heale finale tusken Huzum en Wommels wie in kreaker. Op 5-5 en 6-6 miste Nynke Sijbrandij it perk en gie Wommels troch nei de finale. Mantgum wûn yn de oare heale finale frij ienfâldich mei 5-1 en 6-6 fan Ljouwert.

Sjanet Wijnia

Foto: Henk Bootsma

Nynke Sijbrandij

Troch de oerwinning fan Wommels pakte Sjanet Wijnia de sulveren wimpel. Sy wûn yn har karriêre alle fjouwer grutte wedstriden. Njonken it NK froulju binne dat de PC, de Ald-Meiers Partij en de Jong Famme Partij. Trije keatsters giene Wijnia dêryn foar: Fenna Zeinstra, Aukje van Kuiken en Sjoukje Visser.

(advertinsje)
(advertinsje)