Nyck de Vries wint haadrace Formule 2 yn Frankryk en pakt kopposysje yn klassemint

22 jun 2019 - 18:06

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea hat sneontemiddei op it sirkwy fan Paul Ricard yn Frankryk de haadrace yn de Formule 2 wûn. Mei syn oerwinning giet de 24-jierrige De Vries op dit stuit oan kop yn it klassemint fan de op ien nei heechste klasse yn 'e autosport.

Foto: ANP

Nyck de Vries hie him as fjirde kwalifisearre foar de haadrace yn Frankryk en gie as in kanon fan start. Hy pakte fuortendaliks de lieding yn de wedstriid. Nei in safety car-situaasje koe de wedstriid yn de tredde ronde wer fuortset wurde.

Betide pitstop

Nei in betide pitstop fan De Vries kaam er op it njoggende plak terjochte. Fan dêr ôf koe er it tempo goed folhâlde, wylst de auto's foar him noch in stop meitsje moasten. Dêrtroch kaam er inkelde ronden foar de finish wer oan de lieding en joech er dy mei in grutte foarsprong net mear ôf.

Sérgio Sette Camara, dy't fanôf pole position begûn, einige úteinlik op it twadde plak. Jack Aitken makke it poadium yn Frankryk kompleet.

Lieding yn it klassemint

Mei syn oerwinning yn de haadrace op it sirkwy fan Paul Ricard pakte De Vries foar it earst dit seizoen de lieding yn it klassemint fan de Formule 2. De direkte konkurrint fan De Vries yn it kampioenskip, Nicolas Latifi, einige sneon nammentlik as fiifde.

Trefwurden: 
Formule 2 Nyck de Vries
(Advertinsje)
(Advertinsje)