Danny Noppert ûnderút yn achtste finales Players Championship

22 jun 2019 - 17:05

Danny Noppert fan De Jouwer hat sneontemiddei de achtste finales helle op it santjinde Players Championship. Yn it Ingelske Wigan ferlear de 28-jierrige darter úteinlik mei romme sifers fan Jamie Hughes: 6-1.

Foto: Orange Pictures

Ien partij earder wûn de Jouster darter noch kreas mei 6-4 fan Mensur Suljovic út Eastenryk, de nûmer njoggen fan de wrâld. Earder sneon waarden ek Christian Kist (6-2) en Mark Wilson (6-3) ferslein.

Takom wykein: Praag

Freedtejûn pleatste Danny Noppert him noch foar de Czech Darts Open, dy't takom wykein fan 28 oant 'e mei 30 juny hâlden wurdt yn de Tsjechyske haadstêd Praag. It is ien fan de toernoaien fan de European Tour fan de PDC.

(Advertinsje)
(Advertinsje)