Oefenwedstriid tusken SC Cambuur en De Graafschap ôfsein

22 jun 2019 - 16:54

It oefenduel tusken SC Cambuur en De Graafschap dat freed 12 july spile wurde soe, giet net troch. De wedstriid yn de oefenrige fan de Ljouwerters soe spile wurde op sportpark Nylân by de Ljouwerter Sweltsjes.

Foto: www.dijksfotografie.nl

By de iepening fan it seizoen, op freed 9 augustus, stean de beide ploegen ek tsjinoer elkoar yn de kompetysje. De Graafschap hat dêrop besluten om de oefenwedstriid ôf te sizzen.

Nije tsjinstanner

Cambuur is der net wiis mei dat de Doetinchemers ôfsein ha. "We betreuren dit zeer en we zijn ondertussen druk bezig om een vervanger te zoeken. Zodra hier meer over bekend is communiceren we dat direct", sa skriuwt de klup op de webside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)