Mar-athon Snits fiert dit wykein earste lustrum

22 jun 2019 - 16:37

De organisaasje fan de Snitser Mar-athon fiert dit jier syn earste lustrum. Sneontemoarn binne de kuierders op de maraton, de heale maraton en de tsien kilometer fan start gien. Sneontejûn is it draafgedielte fan it evenemint. Snein kin der fytst wurde en dat is foar it earst yn it fiifjierrich jubileum.

De rûte is dit jier oars as oare jierren, want der wurdt net mear starten foar de heale maraton by de brêge fan Hearesyl, flakby Terherne. Yn stee dêrfan sette alle kuier- en draafôfstannen no allegearre ôf fan it Martiniplein, yn it sintrum fan Snits. Op snein is der no plak foar in mountainbiketocht fan 75 of 35 kilometer of in famyljefytstocht fan 20 kilometer.

Wedstriid

Jûns komt de Fryske draaftop yn aksje mei ûnder oare Erik Negerman, Riekele Kobus en by de froulju Hinke Schokker.

Trefwurden: 
Snits Mar-athon Snitsermar
(Advertinsje)
(Advertinsje)