EK judo: Tsjakadoea en Bergstra net yn de prizen

22 jun 2019 - 15:45

De Ljouwerter judoka Tornike Tsjakadoea hat op it EK yn Wyt-Ruslân de kwartfinale ferlern. Hy makke noch kâns op it brûns yn de klasse oant 60 kilogram, mar yn de werkânsing gie er ûnderút tsjin Amiran Papinasjvili, de regearjend wrâldkampioen.

Tsjakadoea - Foto: ANP

It EK yn Minsk makket ûnderdiel út fan de Europeeske Spelen. Tsjakadoea helle de kwartfinale troch yn de twadde ronde te winnen fan Karamat Goesejnov út Azerbeidzjan. Pas nei rom 5 minuten yn de ekstra tiid (golden score) wiisde de skiedsrjochter Tsjakadoea oan as winner.

Yn de kwartfinales stie er opnij fiif minuten ekstra op de matte. Hy ferlear fan de Georgiër Loechoemi Tsjchvimiani op basis fan straffen.

Margriet Bergstra

Yn de frouljusklasse oant 57 kilo kaam Margriet Bergstra fan De Lemmer net fierder as de earste ronde. Se waard útskeakele troch Telma Monteiro út Portugal.

"Ik hie it fan har winne kind, mar har snelheid wie hiel heech, en dat is net myn sterke punt", sei se.

(Advertinsje)
(Advertinsje)