Personiel hat brân yn Frjentsjerter loads mei ferpakkingsmateriaal gau ûnder kontrôle

22 jun 2019 - 15:32

In brân yn in loads yn Frjentsjer wie gau ûnder kontrôle troch flot yngripen fan it oanwêzige personiel. Dat meldt de brânwacht. Brânwachtminsken út Harns en Menaam wiene útriden, mar hoegden eins allinne mar nei te blussen.

Foto: CAMJO Media

De brân wie yn in loads oan de Súdlike Yndustrywei, dêr't kartonnen ferpakkingsmateriaal yn lei. Neffens de brânwacht hat it personiel adekwaat hannele.

It is net dúdlik hoe't de brân ûntstien is.

Trefwurden: 
brân Frjentsjer
(Advertinsje)
(Advertinsje)