Ferkear om Hylpen rint fêst troch Maarten van der Weijden: "Kom net mei de auto"

22 jun 2019 - 14:59

It ferkear om Hylpen hinne rint folslein fêst troch de belangstelling foar Maarten van der Weijden. De organisaasje fan de swimalvestêdetocht advisearret minsken om net mear mei de auto nei Hylpen te kommen.

It ferkear by Molkwar stiet ek fêst - Foto: Kappers Media

De dyk fan Hylpen nei Starum is ôfsletten foar it ferkear. Minsken dy't út Starum wei komme moatte, wurde oanret om oer Koudum te riden.

Alvestêdetocht

Van der Weijden swimt de alvestêdetocht om jild op te heljen foar kankerûndersyk. Foarich jier hat er dat ek dien. Doe hat er de finish net helle. Troch ûnderweis no mear út te rêsten, soe dat dit jier oars wêze moatte.

De swimtocht fan Maarten van der Weijden is rjochtstreeks te folgjen op radio en telefyzje, en ek yn in liveblog fan Omrop Fryslân.

Mear ynformaasje is te finen op omropfryslan.nl/Maarten.

(advertinsje)
(advertinsje)