Hearrenfean presintearret nije spilers Odgaard en Faik op earste training

22 jun 2019 - 14:53

SC Hearrenfean hat sneontemiddei op de earste training fan it nije seizoen de komst fan twa nije spilers bekend makke. It giet om de Deenkse spits Jens Odgaard en middenfjilder Hicham Faik.

De earste training fan SC Hearrenfean luts in pear hûndert taskôgers. Nei de presintaasje fan de seleksje en de twa nije oanwinsten, mochten de lytsere fans yn it begjin ek efkes meidwaan. Dêrnei giene de spilers fierder mei de training, dy't neist kondisjoneel wurk bestie út in passoefening en in posysjespul.

Jens Odgaard

De nije spits Jens Odgaard komt oer fan it Italiaanske Sassuolo. De 20-jierrige oanfaller wurdt hierd. Oft Hearrenfean ek in opsje ta keap hat op Odgaard, woe technysk manager Gerry Hamstra net sizze. Odgaard sels is yn elts gefal bliid mei syn tydlike oerstap nei Hearrenfean, om't er yn Nederlân in soad romte is foar talintfolle spilers, tinkt er.

Foto: Orange Pictures

Op sportpark it Paradyske yn Langsweagen waard ek de komst fan Hicham Faik bekend makke. Faik wurdt oernaam fan Zulte Waregem mar spile ek yn de earedifyzje by ûnder oaren Excelsior en Roda JC.

De 27-jierrige middenfjilder makke it ôfrûne seizoen fjouwer doelpunten yn tweintich wedstriden. Hy spile minder yn de twadde seizoenshelte by Zulte Waregem, wêrtroch't er iepen stie foar de oerstap nei SC Hearrenfean.

Technysk manager Gerry Hamstra is bliid mei Odgaard en Faik as nije spilers fan Hearrenfean. As it oan Hamstra leit, bliuwt it hjir net by foar de Feansters. Neffens him is de klup noch op siik nei in ekstra middenfjilder en noch in spits. De ploech fan de krekt presintearre trainer Johnny Jansen moat noch in behoarlike ympuls fan nije spilers krije. Mei it fertrek fan Kik Pierie, Stijn Schaars en Sam Lammers is der in soad ûnderfining ferdwûn út de seleksje.

Dennis Johnsen komt yn elts gefal net werom by SC Hearrenfean. Hy waard it ôfrûne healjier hierd fan Ajax en Hearrenfean hie in opsje ta keap opnaam yn dat kontrakt. Mar, dêr wurdt gjin gebrûk fan makke neffens Hamstra.

(Advertinsje)
(Advertinsje)