Oanriding op de Skrâns yn Ljouwert: meardere ferwûnen

22 jun 2019 - 14:49

By in oanriding op de Skrâns yn Ljouwert binne sneontemiddei meardere minsken ferwûne rekke. In automobilist soe dêr ynriden wêze op meardere fytsers en fuotgongers.

Foto: Pro News

Hoe't dat barre koe, is op dit stuit net bekend. Meardere ambulânses wiene te plak om help te ferlienen. Ek de traumahelikopter waard oproppen.

Trefwurden: 
Ljouwert oanriding Skrâns
(Advertinsje)
(Advertinsje)