De Waadferiening makket him soargen: Wa is de baas fan de Waadsee?

22 jun 2019 - 12:44

It is net dúdlik wa't no echt it behear hat oer de Waadsee, en dat moat oars, seit de Waadferiening. It punt stiet boppe-oan op in list mei tsien punten dêr't de feriening soargen oer hat.

Neffens de Waadferiening binne der tsientallen partijen dy't oer de Waadsee geane. Earder is der al ien behearsautoriteit tasein. Dy soe der no rap komme moatte, seit foarsitter Lutz Jacobi fan de Waadferiening.

Sânplaten dy't net drûchfalle

Der binne ek soargen oer de hichte fan it wetterpeil. Troch de klimaatferoaring giet it omheech, wylst gas- en sâltwinning derfoar soarget dat de boaiem delgiet. Sa soe it kinne dat sânplaten net mear drûchfalle.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Kontenerramp

De skipfeart soe ek feiliger moatte neffens de Waadferiening. De kontenerramp mei de MSC Zoe fan begjin dit jier soe oantoane dat it lang net feilich genôch is.

Fierder binne der soargen oer it ûnderwetterlibben, klimaatferoaring, fersteuring, rigide natuerbehear, fertroebeling, fersmoarging en plestik sop.

Tsien jier wrâlderfgoed

De list is presintearre yn de wike dat it eksakt 10 jier lyn is dat UNESCO de see offisjeel útroppen hat ta wrâlderfgoed.

Trefwurden: 
Waadsee Waadferiening
(advertinsje)
(advertinsje)