FOTO'S: Opnij seldsume ljochtwolken boppe Fryslân

22 jun 2019 - 11:55

Boppe Fryslân wiene yn de nacht fan freed op sneon saneamde 'ljochtsjende nachtwolken' te sjen. Dy binne allinne yn dizze tiid fan it jier te sjen, om de langste dei hinne. De redaksje fan Omrop Fryslân krige meardere foto's tastjoerd.

Foarige wike wiene der ek al ljochtsjende nachtwolken te sjen boppe Fryslân. Dy wolken komme foar op ûngefear 75 oant 85 kilometer hichte. Folle heger as gewoane wolken, dy't op maksimaal 20 kilometer hichte hingje. Nei sinneûndergong wjerkeatse dy hege wolken noch in skoft it sinneljocht.

Gewoane wolken stekke dêr tsjuster tsjin ôf en kleurje nei sinneûndergong earst read en dêrnei donkergriis. De ljochtsjende nachtwolken bliuwe lykwols wyt, giel-oranje of ljochtblau.

Minuskule dieltsjes

It ûntstean fan dizze nachtwolken hâldt ferbân mei in grut oantal minuskule dieltsjes yn de boppeste lagen fan de atmosfear. Dat kin bygelyks stof wêze, ôfkomstich fan meteoriten. Ek is der wetterdamp nedich en hiel lege temperatueren tusken de -90° en -145° Celsius. Op dy dieltsjes set him dan in laachje iis ôf. Troch it iis dat om de dieltsjes hinne sit, wurdt sinneljocht wjerkeatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)