Oersjoch: dit moatst sneon witte oer de swimalvestêdetocht

22 jun 2019 - 11:20

Nei in goeie earste nacht is Maarten van der Weijden dwaande mei syn twadde swimdei fan de swimalvestêdetocht. Sneontemoarn hat Maarten Sleat oandien. De oare stêden binne Starum, Hylpen en Warkum. Alle dagen litte wy dy witte wêr'tsto Maarten it bêste folgje kinst.

Maarten van der Weijden ûnderweis fan Sleat nei Balk - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Maarten leit op it stuit foar op skema en nei ferwachting sil er om 12.00 oere hinne syn stimpel ophelje kinne yn Starum. Dêrnei swimt hy fia de Dyksfeart troch Molkwar hinne om yn Hylpen út te kommen. Giet er mei deselde snelheid troch dan wurdt er om 16.30 oere hinne yn Hylpen ferwachte. It is dan noch 2,5 oere swimmen nei Warkum ta.

Meiswimme yn Starum

Yn Starum is it grutte meiswimevenemint. Hûnderten minsken sille dêr yn ferskate groepen, se nimme dat waves, 500 meter of 2000 meter meiswimme mei Maarten. Taskôgers wurde fersocht om op parkearterrein Hubert en weidlân Pieter te parkearjen. Yn Hylpen en Warkum kinne besikers op ferskate plakken troch de stêd hinne harren auto kwyt.

Fansels is de tocht fan Maarten ek op radio, telefyzje en op ynternet te folgjen. Omrop Fryslân is der 24 oeren deis by en hâldt dy op 'e hichte. Sjoch snel op ús dossierpagina en folgje ús op social media mei de hashtag #swim11. Yn ús liveblog fynst it lêste nijs oer de tocht.

(advertinsje)
(advertinsje)