Hûnderten dielnimmers by fjirtjinde lustrum Lanekeatsen yn Harns

22 jun 2019 - 10:15

Der dogge dit jier 116 partoeren mei oan it Lanekeatsen yn Harns. Yn totaal binne der 343 keatsers. Yn de 70-jierrige skiednis fan it evenemint hat der mar ien edysje west dêr't mear dielnimmers wiene. Dat wie de 50ste.

Foto: Omrop Fryslân, Ilse Hermanides

Op de Lanen yn Harns waard foar de Earste Wrâldoarloch al in soad keatst troch de jongerein. Omwenners moedigen se oan en loofden in pear sinten út. Pas nei de Twadde Wrâldoarloch waard it in echt toernoai.

Skiedend foarsitter Theo Outhuijse is ûnderskieden mei de gemeentlike draachspjelde. Hy krige de ûnderskieding fan boargemaster Roel Sluiter foar syn jierrenlange ynset foar de stêd.

Theo Outhuijse krijt de spjelde fan boargemaster Roel Sluiter - Foto: Omrop Fryslân, Ilse Hermanides

Outhuijse wie ûnder oare twa kear foarsitter fan it Lanekeatsen, hy wie warber yn ferskate funksjes by fuotbalklup Robur, en ek foarsitter fan it tsjerkebestoer fan de Roomsk-Katolike tsjerke. Outhuijse bringt noch altyd it tsjerkebledsje rûn.

Trefwurden: 
Harns lanekeatsen
(advertinsje)