Iepenloftspul Snakkerbuorren: 'Fan mûzen en mannen'

22 jun 2019 - 09:41

Sêft. Arbeider Lennie hâldt fan sêft. Fan de sêfte facht fan bisten, it streekjen oer in sêft stofke fluwiel of it oanreitsjen fan it sêfte hier fan in frommes. Lennie liket oan de bûtenkant in sterke, folwoeksen man, mar fan binnen is er eins in bern.

Troch: Froukje Sijtsma (ferslach) en Dirk Hofstede (kamera)

De doarpstún fan Snakkerbuorren is fan 26 juny ôf it dekôr fan it iepenloftspul 'Fan Mûzen en Mannen'. It is basearre op it tonielstik 'Of Mice and Men' dat yn 1937 skreaun waard troch John Steinbeck, seit regisseur Karin Idzenga. "Het gaat over twee mannen, Lennie en George, die van boerderij naar boerderij trekken om te werken. De meeste arbeiders maken dan meteen hun geld ook weer op, maar zij hebben samen een grote droom. Ze willen een eigen boerderijtje kopen."

Lennie en George dreame fan in eigen pleatske - Foto: Omrop Fryslân

De rollen fan Lennie en George wurde spile troch akteurs Jan van der Leij en Matthijs van Dieren. "Wy hawwe in bysûndere freonskip", seit Van der Leij. "Ik bin in man mei it karakter fan in bern." En dat leveret problemen op. "Ik kan niet zonder Lennie, maar eigenlijk ook niet met hem.

Lennie brengt ons vaak in situaties die George dan weer moet oplossen," follet Van Dieren oan. Probleem is ek dat Lennie fan sêfte dingen hâldt. "Dat is it bern yn my krûpe wol, dat oanhinklik is en feilichheid siket. Mar om't ik sa sterk bin giet dat ek wolris mis."

Ien frou tusken de manlju

By it iepenloftspul fan Snakkerbuorren is wurdt as regel in part fan de rollen spile troch minsken út de omjouwing, lykas Lekkum, Miedum of Wyns. De rol fan arbeider Lennie is foar Jan van der Leij út Wyns. Hy sette it stik ek oer nei it Frysk en droech it oan by de lêskommisje.

"Ik hie it sels net yn it sin om de rol fan Lennie te spyljen," seit Van der Leij, "mar de regisseur frege my dochs foar de rol. It is in rol dy't in soad enerzjy freget, want je moatte konstant, ek as je sûnder tekst op it toaniel steane, yn dy bernerol sitte."

Lennie fielt oan it sêfte hier fan de iennichste frou op 'e ranch - Foto: Omrop Fryslân

In oare haadrol dy't troch in akteur út 'e omkriten spile wurdt, is dy fan de iennichste frou op de ranch. Se wurdt spile troch Nynke Dijkstra, oarspronklik fan Miedum. "Yn it stik haw ik net iens in namme. Dat is ek wol typearjend."

"Ik bin de frou fan Curley, hy is de soan fan de ranchbaas. We binne krekt troud, mar eins fiel ik my allinnich, ik fiel my net sjoen en sykje oansluting."

Op de ranch wurdt se sjoen as it snoltsje, om't se mei elts in praatsje meitsje wol. En dat is Curley fansels net nei de sin. Ien frou op in ranch mei allinnich mar manlju, dat freget om spul en dat komt der ek.

"Ik praat ek wolris mei Lennie. Hy is eins lykas my. Ik werken mysels wol in bytsje yn him. Hy is ek oars, hat in fassinaasje foar sêfte dingen. Dêrom mei er oan myn hier fiele, want dat is sa lekker sêft. Wol foarsichtich, want hy mei der net oan lûke. Lennie en ik sykje eins beide op ús eigen wize oansluting by de groep," leit Dijkstra út.

Dekôr fan it iepenloftspul stiet al opsteld yn de doarpstún - Foto: Omrop Fryslân

Oft de dream fan Lennie en George werklikheid wurdt kinne de akteurs net fertelle. "Dat moatte minsken sels mar belibje yn de doarpstún, mar dat der fan alles bart en der problemen ûntsteane, dat is fansels wis," laitsje Van der Leij en Van Dieren geheimsinnich.

Spyldata 'Fan mûzen en mannen'

  • Woansdei 26 juny (premjêre)
  • Freed 28 juny
  • Sneon 29 juny
  • Woansdei 3 july
  • Tongersdei 4 july
  • Freed 5 july
  • Sneon 6 july

De foarstelling begjint alle kearen om 21.00 oere.

Alles witte oer de iepenloftspullen yn Fryslân? Sjoch dan op Omrop Fryslân's spesjale iepenloftspulside. Hjir fynst filmkes, artikelen en fansels praktyske ynformaasje oer de moaiste iepenloftspullen fan 2019.

(advertinsje)
(advertinsje)