Kollum: "Mengkameel"

22 jun 2019 - 09:06

"It is simmer yn de moaiste provinsje fan Nederlân, dus binne der rûnom aktiviteiten. Dat is in skaaimerk fan Fryslân, trouwens ek yn de oare seizoenen fine wy fan alles út om ússels en oaren te fermeitsjen. Sels bin ik nochal gek op muzyk. Mar dan moat it wol in bytsje goed klinke. Sterker, neffens myn sus kin ik net gewoan nei in bandsje harkje, want neffens har bin ik altyd fierstente kritysk. Miskien hat se dêr wol gelyk oan.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Myn foarkar giet njonken klassyk foaral út nei de rockmuzyk. Dat mei lekker hurd wêze, want dat past wol wat by it sjenre. Mar der binne grinzen. Ik ha te faak mei toetsjende earen op bêd lein, soms wie it sa slim dat je in wike nei de tiid noch lêst hienen. Soks is fansels in oanslach op je gehoar en dêr ha je mar ien fan. As je nei in konsert geane, binne der in oantal dingen nochal wichtich. De artysten, de muzyk en de show dy't se op de planken delsette. Mar alles dat de muzikanten prestearje, kin troch ien persoan folslein nei de kloaten holpen wurde. De belangrykste man/frou stiet nammentlik net op in poadium, mar op in hiel oar plak.

Wy ha in jier as wat lyn nei Status Quo yn de orizjinele besetting west. Yntiids is de gitarist ferstoarn, dus we wienen moai op tiid. It konsert wie yn de IJsselhal yn Zwolle. Foar de measte kenners is dat in freeslik hok as it om akoestyk giet, dus wienen myn ferwachtingen net al te heech. Doe't it foarprogramma begûn, streamde de seal letterlik leech.

It wie net om oan te hearren, sa freeslik hurd. Ik bin der ek út rûn, want njonken dat ik pisje moast, wie ik aardich oer de 'zeik' oer de mengkameel. Dat is in net besteand wurd, mar it dekt de lading. It is de persoan dy't achter de knoppen stiet en der foar soargje moat dat jo gjin bliuwende skea oan it gehoar oprinne. Doe't it foarprogramma dien wie, bin ik de seal wer yn rûn. Lokkich wie de mengkameel doe ferfong troch ien dy't it wat better snapte en net allinnich mar de master op tsien sette. It lûd yn de IJsselhal wie eins best treflik te neamen.

Foto: Ferdinand de Jong

Mar ferline wike ha ik pas echt bewûndering krigen foar in mengkameel. Wy wienen even oer de Ofslútdyk riden, omdat yn Alkmaar de Victorie no ienkear begjint. Dat is al sa sûnt de Tachtichjierrige Oarloch. Se ha dêr in prachtich poppoadium mei deselde namme en dêr spile myn favorite band fan tsjintwurdich, Blackberry Smoke út Atlanta. De namme docht der eins net ta, want dêr giet de kollum net oer. Mar bêste minsken, wat hie dy mengkameel it begrepen. Werklik alles wie perfekt yn balâns, it wie in feest om dêr nei te sjen en nei te harkjen. Dy jonges reizgje de hiele wrâld oer mei sa'n band en krije faaks allinnich mar ellinde en geseur oer harren hinne as it lûd net goed is.

Ik wie dêr ûnder oare mei in freon fan my, dêr't ik ek wat mei yn de muzyk ompiel. Wy wienen it der wol oer iens. Op de skaal fan ien oant tsien wie de mengkameel yn Alkmaar minimaal in alve. In tovener achter de knoppen. Nei it konsert ha we him en syn kollega fan it ljocht in hân jûn en ús wurdearring oerbrocht foar de perfekte show. Se ha myn maat en ik as tank beide in orizjinele setlist as kado meijûn. De foto stiet op de site fan de Omrop. Dy binne unyk, want de foaroanman fan de band set der by elk optreden in persoanlik wurdsje ûnder. Dus, it boadskip is: wês wiis mei in goede mengkameel. Dat is de belangrykste persoan by in konsert."

(advertinsje)
(advertinsje)