Maarten is syn earste nacht goed trochkommen

22 jun 2019 - 07:01

Fan Ljouwert nei Snits, Drylts, Sleat en no is hy op wei nei Starum. Maarten van der Weijden hat al mear as 40 kilometer fan syn swimalvestêdetocht derop sitten en it giet noch hieltyd goed mei him. Hûnderten taskôgers ha him dizze earste oeren fan syn tocht der trochhinne holpen. Hjirûnder in kompilaasje.

Ien fan de grutte ferskillen yn fergeliking mei ferline jier, wie it tal minsken oan de kant op de tsjustere stikken. Dêr hie Maarten ek in oprop foar dien. Op allegear ferskate manieren ha minsken ûnderweis foar ljocht soarge. Mei fakkels, fjoerwurk en in donearaksje foar ljochtsjes waard it paad fan Maarten ferljochte.

Mar ek trekkers waarden manmachtich ynset om ljocht te jaan. Herre van der Meer wie in part fan de nacht op 'en paad mei de Skouster Oldtimers. Se ha derfoar soarge dat Maarten tusken Drylts en Oasingahuzen net yn it tsjuster swom.

Dit jier swimme der ek sa'n tachtich minsken mei Maarten mei. Dy ha yn alle stêden oant no ta twa kilometer swommen. Ien fan harren is Anneke van der Zwaag. Oardel jier lyn hie se noch kanker yn har hiele lichem, mar no hat se alwer in topkondysje. Dochs foelen de earste pear kilometers yn Snits har wat ôf.

Neist de drokte en it feest yn alle stêden wurdt der ek praat oer de efterlizzende doel fan de tocht. Sa ha alle stêden in 'besinningsmomint'. In spesjaal momint om stil te stean by de ûndersiken dêr't Maarten it jild foar ophellet en foar ferhalen fan minsken dy't kanker ha of hân ha. Ferslachjouwer Miranda Werkman prate mei ien fan harren.

De swimtocht fan Maarten van der Weijden by de Fryske alve stêden del is de kommende dagen dei en nacht by Omrop Fryslân te folgjen, ûnder oare fia dit liveblog. Fansels is de tocht fan Maarten op radio, telefyzje en op ynternet te folgjen. Omrop Fryslân is der 24 oeren deis by en hâldt dy op 'e hichte.

Sjoch snel op ús dossierpagina foar it lêste nijs fan de swimalvestêdetocht en folgje ús op social media mei de hashtag #swim11.

(advertinsje)
(advertinsje)