LIVEBLOG: Dei 2 fan de Swimalvestêdetocht fan Maarten

23 jun 2019 - 04:50

De swimtocht fan Maarten van der Weijden by de Fryske alve stêden del is dei en nacht by Omrop Fryslân te folgjen, ûnder oare fia dit liveblog. Maarten sette freed 21 juny útein en moat moandei wer yn Ljouwert oankomme. Van der Weijden swimt de meunstertocht fan sa'n 200 kilometer om jild yn te sammeljen foar ferskate projekten tsjin de sykte kanker. Alles fan Maarten syn earste swimdei is werom te lêzen yn dit blog en alles wat Omrop Fryslân docht op radio, telefyzje en ynternet is te finen op de spesjale side Maartens Alvestêdetocht.

5:41
Ein fan dit liveblog

De tredde dei is no echt úteinset! Dêrom slute we dit liveblog ôf, want ek de twadde dei en nacht fan Maarten van der Weijden sitte der echt op. Dei trije is fan no ôf te folgjen yn dit blog.

5:02
Yn Wytmarsum

Wachtsjen wurdt beleanne! Guon minsken stiene oan it begjin fan de nacht al yn Wytmarsum, flak foar't Maarten van der Weijden in knipperke fan trije oeren die. Mar no, om 5.00 oere, is er yn Wytmarsum. En dat fiere se dêr goed.

4:32
Hy swimt wer!
3:47
Beweging

Beweging yn 'e tinte! De earste minsken fan it team fan Maarten van der Weijden binne wekker yn Skettens. It sil net al te lang mear duorje foar't er fierder swimt rjochting Wytmarsum en dêrnei nei de earstkommende stimpelpost, yn Harns.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald Talma
3:09
"Wy wiene even op stap"
3:00
Zzzzz

Binne jim noch warber? Maarten van der Weijden en syn team yn elk gefal net. Dy sliepe hearlik yn de omjouwing fan Skettens. Stil is it lykwols net: der wurdt snoarke, en lûd ek. Goed om te witten, dan pakke se yn elk gefal wat rêst om snein wer fierder te kinnen!

1:37
Schipper Auke Kooistra
0:57
Wytmarsum moat wachtsje

Se stiene al klear yn Wytmarsum, mar se moatte noch in pear oerkes wachtsje: Maarten van der Weijden is ta oan in pear oerkes sliep. De bedoeling is dat er him trije oeren deljout en om 4.00 oere wer fierder giet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)