LDODK 2 reservekampioen fan Nederlân

21 jun 2019 - 23:43

Foar it earst yn de skiednis fan de klup is in senioareteam fan kuorbalferiening LDODK kampioen fan Nederlân wurden. Yn de beslissende finale foar reserveteams yn Hurderwyk wie LDODK 2 mei 22-19 te sterk foar Blau Wyt 2 út Amsterdam.

Foto: Jurjen Smid

By it skoft stiene de Gordyksters mei 10-8 foar en mei sterk spul waard dy foarsprong yn de twadde helte útwreide ta fiif goals ferskil. Dat wie rom foldwaande om yn de slotfaze oerein te bliuwen en sa de alderearste NK-titel foar reserveteams te pakken.

Foto: Jurjen Smid

Sneon 22 juny stiet it earste team fan LDODK ek yn de fjildkuorbalfinale om de lânstitel. Op it NK yn De Lier wol it team fan trainer en coach Henk Jan Mulder winne fan DOS'46 út Nijeveen en sa de earste Fryske ploech wurde mei in Nederlânske titel op it heechste nivo. It duel begjint om 18.00 oere en is te folgjen op de livestream fan Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
LDODK
(Advertinsje)
(Advertinsje)