Soad belangstelling foar nije wenfoarm yn Wommelser gemeentehûs

21 jun 2019 - 22:57

Mear as in iuw wie it gebou it plak dêr't de gemeenteried fergadere, dêr't minsken trouden en it plak dêr't âlden har bern oanjoegen. Mar der binne fiergeande plannen om yn it eardere gemeentehûs fan Littenseradiel yn Wommels achttjin apparteminten te bouwen.

De apparteminten binne bedoeld foar âlderen, en der komt ek in saneamde doarpskeamer. Hjiryn kinne de bewenners inoar en oare minsken út it doarp moetsje.

Soarchorganisaasje Patyna organisearre freed in ynringearkomste oer de plannen. Ynwenners fan Wommels en omjouwing koene sa yn de kunde komme mei de nije wenfoarm 'Yfke'.

It ûnderwerp libbet yn it doarp want der is in soad belangstelling foar de gearkomste. As de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân akkoart giet en der is genôch belangstelling dan moat it projekt yn de hjerst fan 2020 klear wêze. Dan moatte de earste minsken yn it gemeentehûs wenje kinne.

Trefwurden: 
gemeentehûs Wommels
(Advertinsje)
(Advertinsje)