Mei de fersierde wein nei it gemeentehûs foar nije wenten

21 jun 2019 - 21:25

Fersierde weinen binne in tradysje by Fryske doarpsfeesten, mar yn Aldstjerk waard der tongersdeitejûn ien fan stâl helle om it kolleezje fan Tystjerksteradiel te oertsjûgjen in goed beslút te nimmen oer Aldtsjerk Foarút.

De stichting Aldtsjerk Foarút is al tsien jier dwaande mei in wenplan om wenning foar jongerein te bouwen. It kolleezje fan Tytsjerksteradiel woe eins net mear meiwurkje oan dit plan, om't der tefolle ôfwykt wêze soe fan de oarspronklike útgongspunten.

De jongfeinteklup fan Aldtsjerk liet it der net samar by sitten, en pakten tongersdei grut út om it kolleezje op oare gedachten te bringen. "Op dit stuit binne der net al te folle starterswenningen, of wenningen om te keapjen foar ús. En wy wolle graach dat dy der wol komme", fertelt ien fan de demonstranten.

It is in moai doarp, gesellich mei ús allen, wy hawwe in bining.

Ien fan de jongeren dy't yn Aldtsjerk wenje wol

Guon fan de jongeren wenje no yn Gytsjerk, mar wolle eins wer nei Aldstjerk. "It is in moai doarp, gesellich mei ús allen, wy hawwe in bining."

En de aksje wie net foar neat, want de jongerein hawwe sukses: it kolleezje fan Tytsjerksteradiel sil de gearwurking mei de stichting Aldtsjerk Foarút wer fierder oppakke. Projektlieder Han Westerhof is wiis mei it beslút: "Wy hawwe no 19 minsken op papier stean dy't graach werom wolle!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)